baard-frl.nl

Baard no

Baard is in lyts doarpke yn ‘e Greidhoeke mei rûn de 200 ynwenners. Sûnt 2018 heart Baard by de gemeente Ljouwert, earder wiene dat de gemeente Baarderadiel en Littenseradiel. Yn it midden fan it doarp stiet in byldsje fan in kat, it symboal foar de bynamme fan de Baarders: Baarder Katten. Ek de doarpskrante dy’t elts kwartaal ferskynt hat dy namme: de Baarder Kat.

Baard leit oan de Bolswarderfeart, oan in moaie route dy’t simmers in protte brûkt wurdt troch boatsjeminsken. Ek oan de Bolswarderfeart leit café Baard mei in rike skiednis en in terras oan it wetter. Men kin der oanstekke foar in hapke en in drankje. It café en de renovearre boppeseal wurde brûkt as doarpshûs troch de ferskate ferienings dy’t der yn Baard binne.

Yn it midden fan it doarp leit “de Kamp”. in gersfjild dat simmers it plak is foar it keatsen en yn de winter, as der froast ferspeld wurdt, ûnder wetter set wurdt en dan in prachtige iisbaan is. Oan de Kamp leit ek de skoalle fan it doarp: Jenaplanskoalle de Stjelp. De skoalle is in streekskoalle wer’t eigentiidsk ûnderwiis jûn wurdt.

It is moai wenjen yn Baard, wat ek de spreuk op it boerd midden yn it doarp seit:

tige grien
tige smûk
tige Baard