baard-frl.nl

Dekemastate

Dekemastate Baard

Dekemastate Baard stie ea oan de noart east side fan Baard yn de eardere gemeente Baarderadiel, no Littenseradiel.

It hûs, mooglik in stins, waar boud yn de 14e ieu. Al yn 1303 wurdt de namme fan Juw Hettes Decama neamd, dy't dan mei fjochtet yn it leger fan greve Jan II. Syn soan Hette Juws Decama hie trije soannen, te witten Sytse, Hette en Juw. It lettere libben fan Sytse spile him ôf yn Weidum, dêr't ek in Dekemastate stie, mar de beide oaren wennen om 1400 yn Baard. De jonge Hette troude mei Wick Roorda en Juw hie in Rotterda as frou. Fan de sân bern fan Juw is it benammen Hette Juws, dy't it nijsgjirrichst is. Net omdat hy yn1462 yn in gefjocht by it kleaster Ealsum (ûnder Jirnsum) sneuvele, mar mear omdat hy de heit wie fan de bekende Juw Hettes Dekema, dy't in wichtich plak ynnomd hat yn de Fryske polityk fan dy tiid.

Juw wie in skrander en fredeleavjend man, dy't der yn slagge bûten de twisten tusken Skieringers en Fetkeapers te bliuwen. Yn in besykje de twisten te beëinigjen waard hy yn 1494, ûnder lieding fan de keizerlik ‘boade’ Otto fan Langen, om dy eigenskippen en syn ûnpartijdichheid troch de Skieringers keazen as Potestaat fan Fryslân. Tegearre mei 24 rjochters foarme hy de Hege Ried en allegear leinen se de eed fan trou ôf oan de keizer. Twa wiken letter komme de Fetkeapers gear en wegeren Juw te erkennen as Potestaat, allinnich om it feit dat hy troch de Skieringers keazen wie. Nettsjinsteande syn skranderheid en ûnpartijdichheid slagge it Juw dan ek net om de beide partijen by elkoar te bringen. Om in ein te meitsjen oan dat geharrewar, seach keizer Maksimiliaan op it lêst gjin oare mooglikheid mear as Fryslân mar te ‘skinken’ oan de Hartoch fan Saksen, syn grutste skuldeasker. Dy moast dan noch wol, op eigen kosten, dat soadsje ûngeregeld dêr yn dy útoarde yn de stringen sjen te krijen. De koartsichtichheid fan de ieuwenlang troch histoarisy as Fryske frijheidsstrider ophimmele Jancko Douwama, oanfierder fan de Fetkeapers, omtrent dizze beneaming fan Juw Dekema ta Potestaat, hat úteinlik it deafûnis betsjutten foar de fryske frijheid. Jancko Douwama tekene dêrmei ek syn eigen deafûnis, want hy is letter yn de finzenis fan Vilvoorden ûnthalze.

Yn Baard wienen de gefjochten yn 1498 mei de komst fan de Hartoch fan Saksen noch lang net ôfrûn. Yn 1514 kamen de Fetkeapers en harren Gelderske ‘freonen’ ûnder lieding fan Paulus fan Gravestein by Baard en stutsen de Dekemastins yn de brân. Yn 1515 die de "Swarte Hoop", in binde lossleine soldaten fan de Hartoch fan Saksen dy't gjin soldij krigen hiene, dat nochris tintsjes oer. Yn 1523 stoar Juw fan Dekema yn syn hûs yn Frjentsjer yn de âlderdom fan 74 jier. Yn 1950 fûn tsjerkefâd Nicolai op in ôffierput efter de beukerskoalle fan Baard noch twa bernesarkjes mei de nammen fan Juw Dekema en Hottinga en it jiertal 1480. Twa fan de bern fan Juw binne dus jong ferstoarn. Nei de brân fan 1515 is de stins/state blykber werboud, want yn de "Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt" (1664) stiet oanjûn: "Hier light de State Dekema/ alwaer geboortigh ende woonachtich gheweest is/ de laetste Potestaet Juw van Dekama".

Bron: Wikipedy
Mear informasje: Stinsen in Friesland, HisGIS, HisGis Baard, Dekemastate Weidum, Dekemastate Jelsum

Nederlands:

De Dekema State heeft in Baard, v/h gemeente Baarderadeel, nu Littenseradiel, gestaan. Waarschijnlijk werd het huis (een stins?) in de 14e eeuw gebouwd.

Al in 1303 komen we de naam van Juw Hettes Decama tegen, die dan meevecht in het leger van graaf Jan II. Zijn zoon Hette Juws Decama had drie zoons, te weten Sytse, Hette en Juw. Het latere leven van Sytse speelde zich af te Weidum, waar ook een Dekema State stond, maar de twee anderen woonden rond 1400 in Baard. De jonge Hette trouwde met Wick Roorda en Juw had een Rotterda als vrouw. Van de zeven kinderen van Juw is het vooral Hette Juws, die het meest interessant is. Niet omdat hij in 1462 in een gevecht bij het klooster Aalsum (onder Irnsum) sneuvelde, maar meer omdat hij de vader was van de bekende Juw Hettes Dekema, die een belangrijke plaats ingenomen heeft in de Friese politiek’ van die tijd.

Juw was een schrandere en vredelievende man, die er in slaagde buiten de twisten tussen Schieringers en Vetkopers te blijven. In een poging de twisten te beëindigen werd hij in 1494, onder leiding van de keizerlijk ‘bode’ Otto von Langen, om die eigenschappen en zijn onpartijdigheid door de Schieringers verkozen tot Potestaat van Friesland. Samen met 24 rechters vormde hij de Hoge Raad en allen legden de eed van trouw af aan de keizer. Twee weken later vergaderde de Vetkopers en weigerden Juw te erkennen als Potestaat, puur vanwege het feit dat hij door de Schieringers was gekozen. Ondanks zijn schranderheid en onpartijdigheid slaagde Juw er dan ook niet in om de beide partijen bij elkaar te brengen. Om een einde te maken aan dat geharrewar, zag keizer Maximiliaan tenslotte geen andere mogelijkheid meer dan Friesland maar te ‘schenken’ aan de Hertog van Saksen, zijn grootste schuldeiser. Die moest dan nog wel, op eigen kosten, dat zootje ongeregeld daar in die uithoek in het gareel zien te krijgen. De kortzichtigheid van de eeuwenlang door historici als Friese vrijheidsstrijder opgehemelde Jancko Douwama, aanvoerder van de Vetkopers, omtrent deze benoeming van Juw Dekema tot Potestaat, heeft uiteindelijk het doodvonnis betekend voor de Friese vrijheid. Jancko Douwama tekende daarmee ook zijn eigen doodvonnis, want hij is later in de gevangenis van Vilvoorden onthoofd.

Terug naar Baard. De gevechten waren in 1498 met de komst van de Hertog van Saksen nog lang niet afgelopen. In 1514 kwamen de Vetkopers en hun Gelderse ‘vrienden’ onder leiding van Paulus van Gravestein bij Baard en staken de Dekema stins in brand. In 1515 deed de "Zwarte Hoop", een bende losgeslagen soldaten van de Hertog van Saksen die geen soldij hadden gekregen, dat nog eens dunnetjes over. In 1523 stierf Juw van Dekema in zijn huis te Franeker in de ouderdom van 74 jaar. In 1950 vond kerkvoogd Nicolai op een afvoerput achter de kleuterschool van Baard nog twee kinderzerkjes met de namen van Juw Dekema en Hottinga en het jaartal 1480. Twee van de kinderen van Juw zijn dus jong gestorven.

Na de brand van 1515 is de stins/state blijkbaar herbouwd, want in de "Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt" (1664) staat vermeld: "Hier light de State Dekema/ alwaer geboortigh ende woonachtich gheweest is/ de laetste Potestaet Juw van Dekama".

Bron: Stinsen in Friesland