baard-frl.nl

Baard no

Baard is in lyts doarpke yn de gemeente en der wenje sa'n 200 minsken. Sûnt minskeheugenis wurde de bewenners fan Baard "De Baarder Katten" neamd. De sprekwurdlike "hûnen" wenje yn Leons. It stânbyld werinnert oan dizze eardere tiden. Nettsjinsteande dat it in lyts doarp is, hat Baard in skoalle, in dokter en in ytkafee. It kafee "It Skipperke" hat in rike skiednis. Eartiids wie de Boalserterfeart in wichtige ferbining nei Easterlittens, om't alle hannel oer it wetter gie. "It Skipperke" wie in noflik pleisterplak om eefkes op siken te kommen. Hjoed de dei wurdt it brûkt as doarpshûs.