baard-frl.nl

Gemeente praat op 19 april oer de weryndieling

Yn 2013 hat it kolleezje by alle doarpen op besite west om de miening fan de ynwenners te hifkjen oer de weryndieling. No komt de gemeente wer graach del om fan de ynwenners te fernimmen oft der noch soargen oer of oandachtspunten foar de weryndieling binne. Nij-Baarderadiel, de gearwurking tusken de tsien doarpen dy’t mei de weryndieling nei de gemeente Ljouwert geane, ha keazen foar in mienskiplike jûn. Dy sil wêze op tiisdei 19 april.

Petearstof
Op 19 april komt (in fertsjintwurdiging fan) it kolleezje nei Weidum om mei de ynwenners fan Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, en Weidum te praten oer dit ûnderwerp. It folgjende komt oan ‘e oarder:

  • De aktuele stân fan saken fan de weryndieling (hoe rint it proses?)
  • De boargemaster hat in list makke mei punten dy’t de oandacht freegje foar de weryndieling. Dy list – mei de titel Fan âld nei nij – is as taheakke by dit artikel foege en sil bepraat wurde. Yn it bysûnder de punten dy’t der foar de belutsen doarpen op steane. Stiet alles derop of moat de list oanfold wurde?
  • De doarpekoördinator fan Ljouwert is oanwêzich. As der fragen binne oer it doarpebelied fan dy gemeente, kin hy dy beäntwurdzje.
  • Romte foar oare fragen, soargen en/of opmerkings út it doarp.

Wêr en hoe let?
De gearkomste is yn it doarpshûs fan Weidum. De gearkomste begjint om 20.00 oere. Jo binne fan herte wolkom.